Naar de inhoud
30.01—05.02.2025

Skriuw dyn eigen rap!

Wanneer?

donderdag 25 januari 2024, 20:00–21:30

Wat?

Skriuw dyn eigen rap!

Hâldst fan taal en hast nocht om mei wurden en ritme te boartsjen? Doch dan op de Lanlike Gedichtedei mei en skriuw dyn eigen rap ûnder lieding fan KUÒ. As hiphopartyst stiet Kuo Weh Ho ûnder syn artystenamme KUÒ geregeld op festivals. Dit jier ferskynde syn album ‘Noorderlicht’ yn gearwurking mei Poelier.

KUÒ boartet op in filosofyske manier mei wurden en makket oneliners mei djipgong. Yn syn workshop krijst tips and tricks foar in pakkende tekst en hoe’tst dy oan it publyk oerbringst.

De workshop Skriuw dyn eigen rap! is ûnderdiel fan it moanlikse Skriuwerskafee yn Tresoar. De doarren fan Kafee De Gouden Leeuw binne om 19.00 oere iepen. Skriuwers moetsje elkoar en drage foar út eigen wurk. Om 20.00 oere begjint de workshop fan KUÒ. Krijst de tiid om dyn rap te meitsjen én te hearre te litten. Meidwaan is fergees, oanmelde is wol handich.

Doarsto de útdaging oan?

Benijd nei alle aktiviteiten yn Fryslân yn de Poëzieweek? Sykje op dizze webside op trefwurd ‘Friesland’!

Waar?

Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw
Boterhoek 1
8911 DH Leeuwarden
Nederland

Prijs

€gratis. Meld je hier aan: https://skriuwdyneigenrap.eventbrite.nl

Meer info

Organisatie: Tresoar

tresoar.nl